Offinsyf Hearrenfean mist kâns op kâns tsjin Twente

SC Hearrenfean hat lyk spile tsjin FC Twente. De Feansters krigen in hiel soad kânsen, mar kamen yn it eigen Abe Lenstra Stadion net ta skoaren: 0-0.
© www.orange-pictures.nl
Dy stân betsjut dat Hearrenfean dit seizoen al likefaak de nul holden hat as yn it hiele foarige seizoen: twa kear.
Tsjin Twente miste Hearrenfean net allinne Daniel Hoegh, dy't noch altyd blessearre is, mar ek de nije oanwinst Anders Dreyer. Dy mocht net yn aksje komme omdat it papierwurk net op oarder is.

Kânserein foar Hearrenfean

Hearrenfean krige yn de earste helte kâns op kâns. Sa skeat Mitchell van Bergen yn de njoggende minút op de fuotten fan Twente-keeper Joël Drommel.
Jordy Bruijn koe Drommel net foarby komme yn in ien-op-ien-sitewaasje. En in pear minuten letter gong in skot fan opnij Bruijn fia in Twente-ferdigener neist. Van Bergen kaam ek ien-op-ien mei Drommel, mar syn skot gong krekt foar de goal del.
Ferdigener Ibrahim Dresevic kaam noch it tichtste by in goal, doe't er in frije traap fan grutte ôfstân op de latte skeat. Neidat ek in frije traap fan Faik noch neist gong, fluite skiedsrjochter Pol van Boekel foar it skoft.

Mear missers

De twadde helte begûn mei in kânske foar Twente, mar fuortendaliks dêrnei wie der wer in grutte kâns foar Hearrenfean. Ejuke bruts oer links troch en spile ôf op Odgaard, mar hy skeat de bal foarlâns.
Ejuke werhelle dat keunstke efkes letter en joech de bal oan Bruijn, mar dy skeat oer. Twa kear.
Mei noch in pear minuten te gean bruts Mitchell van Bergen it strafksopgebiet yn. Hy koe sels sjitte, mar passte op Odgaard. Dy skeat de bal rjocht yn de hannen fan keeper Drommel.

Njoggende

Troch it doelpuntleaze lykspul bliuwt Hearrenfean foarearst njoggende mei fiif punten út fjouwer wedstriden.
SC Hearrenfean - FC Twente 0-0 (0-0).
Opstelling SC Hearrenfean: Hahn, Woudenberg (46/ Van Rhijn), Dresevic, Botman, Woudenberg, Kongolo, Faik, Bruijn (75/ Ras), Ejuke (83/ Van der Heide), Odgaard, Van Bergen.