Jonges stelle túnkabouters

07 jul 2012 - 15:03

Twa jonges út Nistelrode binne freedtenacht yn Landerum op Skylge oanholden omdat se twa túnkabouters út in tún stellen hiene. De beide knapen binne by de kraach pakt troch de bewenners. Ien fan de beide túnkabouters wie al stikken smiten troch de fertochten.

Nei ferhoar en it opmeitsjen fan in proses-ferbaal binne de fertochten wer frijlitten.

Trefwurden: 
túnkabouters
(advertinsje)