Brânwacht Drachten rêdt meiwurker biste-ambulânse út besmette fiver

25 aug 2019 - 01:14

In meiwurker fan de biste-ambulânse kaam yn Drachten fêst te sitten yn in fiver. De brânwacht is oproppen om har der wer út te krijen.

De frou wie dwaande om in sike ein te helpen, yn de fiver oan de Warande yn Drachten. Dy fiver soe mei botulisme besmet wêze.

De ôfrûne dagen binne der tsientallen sike en deade bisten út it wetter helle. De biste-ambulânse hâldt de einen yn de fiver dêrom skerp yn de gaten.

Brânwacht

Doe't de frou it wetter yngien wie om de ein te rêden, kaam se sels fêst te sitten. It slagge har net om los te kommen. De brânwacht is der by kaam, en hat har út it wetter helle.

De frou rekke net ferwûne. De ein is mei in heechwurker út it wetter helle. Hoe't it mei it bist ôfrûn is, is net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)