'Sirkusartyst' grypt winst yn fierljepkompetysje

25 aug 2019 - 15:35

Jaco de Groot is de winner wurden fan de nasjonale fierljepkompetysje. Yn fjouwer wedstriden ljepte hy de fierste ôfstannen. Yn de slotwedstriid, op It Heidenskip, wie de fierste sprong foar Thomas van Midden. Mei 20.49 meter ljepte hy fierder as alle oaren.

Mei de winst yn de nasjonale kompetysje is De Groot favoryt foar it NK. Dat is sneon yn Zegveld.

"Het was moeilijk springen," seit De Groot, "maar ik zat lekker in de stok." Yn syn lêste sprong drige De Groot bûten de sektor út te kommen, mar mei in akrobatetrúk koe er de pols rjocht hâlde.

"Dat betekent misschien ook wel dat ik fit ben. Ik ben de baas over de stok, en de stok niet over mij."

Jaco de Groot sprong yn de slotwedstriid mei 20.41 de twadde ôfstân fan de dei. Nard Brandsma wie de bêste Fries, mei 20.08.

Thewis Hobma kaam net fierder as 19.57. Dêrmei waard er fjirde yn It Heidenskip. Yn de einstân fan de nasjonale kompetysje einiget Hobma op it twadde plak, achter De Groot.

Foarich jier woe Hobma der eins al nei ophâlde, mar no springt er syn bêste seizoen ea. "Hoe âlder hoe better", seit er. "De wille stiet foar my boppe-oan."

Oft er der nei dit seizoen mei ophâldt, dêr seit er no earst neat oer.

By de froulju wûn Marrit van der Wal, mei 16.46. Femke Rispens wie de bêste by de famkes, mei 16.19. Dat is in dik nij PR. Dêrmei sprong se fierder as de nûmer twa by de froulju, Sigrid Bokma. Dy ljepte 15.36.

Van der Wal hat dit jier alle wedstriden wûn dêr't se oan meidien hat. Se is favoryt foar it kommende NK, mar winst is noch net wis, seit se. "It NK is oars. No springe je foar de ôfstannen, om it NK te heljen. Aanst springe je om it te winnen."

By de junioaren wie Reinier Overbeek de bêste. Hy helle 17.93 meter.

De fierste sprong fan de jonges wie fan Peter Faber. mei 17.77. Foar Faber is it ek in nij persoanlik rekôr. Guus Hoogland út Montfoort wûn it einklassemint by de jonges, foar Rutger Haanstra út It Heidenskip.

De folsleine útslach is te finen op de webside fan de pbholland.

Trefwurden: 
fierljeppen It Heidenskip
(advertinsje)
(advertinsje)