Papierwurk net op oarder: nije spiler Hearrenfean sit net iens op de bank

De nijste oanwinst fan SC Hearrenfean kin net meidwaan yn de wedstriid tsjin Twente. Anders Dreyer waard ien dei foar de wedstriid presintearre, mar it papierwurk is noch net op oarder.
Anders Dreyer © SC Hearrenfean
Anders Dreyer wurdt foar ien seizoen hierd fan in klup út it Ingelske Brighton. SC Hearrenfean hat him bot ynspand om derfoar te soargjen dat er fuort en daliks meidwaan koe yn de wedstriid tsjin Twente, mar dat is net slagge.
It papierwurk is te lang lizzen bleaun by it Ingelske fuotbalbûn. Dat meldt SC Hearrenfean. Dêrtroch mei Dreyer net spylje.
Dreyer is 21 jier âld. Hy spilet yn in nasjonale jeugdalvetal fan Denemarken.
De wedstriid tsjin Twente begjint om 20:45 oere, en is rjochtstreeks te folgjen yn in ekstra sportprogramma op Omrop Fryslân radio.