Partoer Van der Bos wint keatsen yn Bitgum

Gert-Anne van der Bos, Allard Hoekstra en Tjisse Steenstra ha de trochelkoarlotsjenpartij yn Bitgum wûn. Yn de finale fersloegen se Menno van Zwieten, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra.
It partoer fan Van der Bos wie yn de earte omloop mei 5-0/6-2 te sterk foar Auke Boomsma, Hyltje Bosma en Hendrik Kootstra. Dêrnei wûnen se mei 5-2/6-6 fan Jelte Pieter Dijkstra, Renze Piter Hiemstra en Evert Pieter Tolsma.

Trettjinde priis

De finale wie iensidich. Van der Bos-en-dy kamen op 3-0. Dêrnei pakte it partoer Van Zwieten noch wol in earst, mar partoer Van der Bos rûn al gau wer út. Op 5-1/6-2 wie de oerwinning binnen. Foar Van der Bos en Steenstra wie it de trettjinde earste priis fan it jier.
Foar Taeke Triemstra wie it in spesjale dei, want hy helle Wiep van Wieren yn op it ivich keatsklassemint, troch yn de heale finale te winnen fan Bauke Triemstra, Pieter Jan Plat en Sjoerd de Jong.