Seebearen ferstoarn by it fotsen: nij mantsje nei Aquazoo

24 aug 2019 - 22:32

Der binne wer twa seebearen yn de Ljouwerter bistetún Aquazoo. Earder wiene it der fjouwer, mar trije dêrfan kamen yn de maaitiid te ferstjerren. No't dúdlik is wat dêr de oarsaak fan wie, doarre de fersoargers wer in nije seebear ta te litten.

It nije mantsje is njoggen jier âld. Hy hjit Miguel, en it is de bedoeling dat er foar neiteam soarget. It eardere mantsje wie in ûngelokkige frijer. Hy ferdronk by fersin twa wyfkes by it pearjen. It bist sels ferstoar troch in blieding yn de rêch.

De nije seebear Miguel - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

It nije mantsje is in pear dagen lyn al oankaam yn it park. Fan it earste momint ôf liket er bliid te wêzen mei syn nij wenplak. Dat sizze syn fersoargers. En der soe ek al in klik wêze mei it wyfke.

"Hy liket it hjir al hearlik te finen", seit fersoarger Imogen Callender. Se hopet dat de beide seebearen de leafde fine sille.

Trefwurden: 
Aquazoo seebear Miguel
(Advertinsje)
(Advertinsje)