ONS Snits hurd ûnderút tsjin Jong Almere City

24 aug 2019 - 17:06

ONS Snits is min oan it nije seizoen begongen. De Fryske fuotballers ferlearen de earste wedstriid mei 6-0 fan Jong Almere City.

Trainer Paul Raveneau wol de wedstriid it leafst gau ferjitte.

Oanfierder ONS

Yn it Yanmar Stadion yn Almere gong it earst lykop tusken Jong Almere City en ONS Snits mei kânsen foar beide ploegen. De earste goal foel yn de 24e minút, neidat ONS de bal op de eigen helte kwytrekke. Kenneth Aninkora makke dêr goed gebrûk fan en skeat de 1-0 binnen.

Tsien minuten letter wie it opnij Aninkora dy't skoarde, no fanút in penalty. Hy wie ûnderút helle yn it strafskopgebiet.

Soad kânsen

Nei it skoft wiene de bêste kânsen opnij foar Jong Almere City. Yn de 58e minút waard it 3-0, doe't Stijn Meijer de bal yn de goal tikke nei in goeie oanfal.

Han van Dijk fan ONS krige ek in grutte kâns, mar hy skeat fanút frije posysje oer. Net folle letter wie it wer raak foar Almere City. ONS-keeper Barry Ditewig kearde in skot fan Mees Kaandorp, mar Stijn Meijer koe de rebound frij yntikje.

Hattricks

ONS skoarde dêrnei de 4-1, mar neffens de skiedsrjochter waard dêrby de keeper hindere. Dêrom waard de goal ôfkard. Dêrnei wie it opnij Stijn Meijer dy't yn de oanfal gong foar Jong Almere City. Hy skeat de bal oer keeper Ditewig en tekene sa foar syn hattrick.

It wie net de iennige hattrick fan de wedstriid. Aninkora makke der ek ien, neidat er 1-op-1 kaam te stean mei de keeper skeat hy de bal hurd yn de hoeke. Sa waard it 6-0.

ONS Snits stiet troch it grutte ferlies lêste yn de tredde difyzje. Nei ien wedstriid is Jong Almere City koprinner.

Oanfierder Nick Kuipers fan ONS begrypt eins net hoe't syn ploech sa ferlieze koe.

Trainer ONS

(Advertinsje)
(Advertinsje)