Harkemase Boys wint earste wedstriid fan it seizoen

24 aug 2019 - 16:43

De fuotballers fan Harkemase Boys ha yn de earste wedstriid fan it seizoen mei 2-0 wûn fan VVOG. Oanfierder Henny Bouius skoarde beide doelpunten.

It wie gjin maklike wedstriid, sei Bouius.

Harkemase Boys like al nei twa minuten op in efterstân te kommen, mar de goal fan VVOG waard út bûtenspulposysje makke en dêrom ôfkard. Oant it skoft krigen beide teams wol kânsen, mar se wisten net ta skoaren te kommen. De rêststân wie 0-0.

Sterke twadde helte

Yn de twadde helte waard opnij gau skoard. Ut in corner wie it Harkemase Boys-oanfierder Henny Bouius dy't de 1-0 op it skoareboerd sette.

In pear minuten letter waard in lange bal fan Harkemase Boys net goed fuortkopt troch de keeper fan VVOG. Bouius profitearre dêrfan. Hy pikte de bal op en skeat 'm yn de lege goal: 2-0.

Mei noch in kertier te gean krige VVOG in frije skop. Dy kaam op de latte, mar rekke yn de rebound de earm fan in Harkemase Boys-spiler. It waard in penalty. Keeper Erick Jansema wie skerp en fiske de bal út de hoeke. De oerwinning kaam net mear yn gefaar.

It wie de earste wedstriid fan de nije trainer, Hans de Jong.

(Advertinsje)
(Advertinsje)