Taeke Triemstra klimt nei top trije fan ivich keatsklassemint

24 aug 2019 - 16:06

Keatser Taeke Triemstra is klommen nei it tredde plak fan it ivige keatsklassemint. Yn dat klassemint wurdt fan alle keasters byholden hoe faak oft se earste, twadde of tredde wurden binne.

It ivige klassemint is in prestizjeuze ranglist, seit ferslachjouwer Geert van Tuinen. "Dit is in prestaasje fan formaat."

Triemstra is tredde wurden op de ivige list troch de finale te heljen op de trochelkoarlotsjenpartij yn Bitgum. Dêr stie er yn it perk mei Menno van Zwieten en Erwin Zijlstra.

Likense stân

Yn de heale finale fersloegen Triemstra en dy it partoer fan Bauke Triemstra, Pieter Jan Plat en Sjoerd de Jong, mei 5-3/6-4. Dat smiet Triemstra twa punten op. Winst in de finale is trije punten, en foar in tredde plak krijt in keatser ien punt foar it ivige klassemint.

Triemstra hat no 785 punten. Dêrmei hat er likefolle punten as Wiep van Wieren, mar omdat Triemstra mear earste prizen wûn hat, giet er Van Wieren foarby yn it ivich klassemint.

Van Wieren hie dêr blykber al rekken mei hâlden. Hy wie oanwêzich yn Bitgum, en fuort nei de partij kaam er it fjild op om de nije nûmer trije te lokwinskjen mei in bosk blommen.

Foto: Omrop Fryslân, Geart van Tuinen

Yn july gong Triemstra Sake Saakstra foarby op de ivige ranglist.

Sicht op it earste plak

Triemstra seit dat er noch minimaal in jier keatsen bliuwt mei syn fêste maten Tjisse Steenstra en Gert-Anne van der Bos. Mei dy mannen hat er al hûndert wedstriden wûn.

Mocht it kommend jier like súksesfol wurde as dit jier, dan komt it earste plak fan it ivich keatsklassemint yn sicht. In goed jier lyn stie Triemstra noch sechsde mei 695 punten.

Top ivich keatsklassemint

1 Piet Jetze Faber 885
2 Hotze Schuil 876
3 Taeke Triemstra 785
4 Wiep van Wieren 785
5 Sake Saakstra 770
6 Chris Wassenaar 699
7 Tunno Schurer 695
(advertinsje)
(advertinsje)