Replika ekspedysjeskip Willem Barentsz krijt twa mêsten

In bysûndere dei foar de replika fan it ekspedysjeskip fan Willem Barentsz, de Witte Swaen. Der waarden sneon nammentlik twa mêsten op setten.
Replika ekspedysjeskip Willem Barentsz krijt twa mêsten
"Het zijn eigenlijk twee grote mijlpalen. We zetten de grote mast én de fokkenmast op het schip", leit foarsitter Paul Meijeraan út. "Dat is best wel spannend, want die grote mast gaat helemaal tot onderaan het ruim. Het is een joekel van een ding. Hij moet rechtstandig naar beneden en dat is niet makkelijk."
De fokkemêst is wat lichter, mar dy is noch dreger op syn plak te krijen. "Die moet drie graden naar voren hellen. De fokkenmast wordt op een mallejan, een mooi oud karretje van hout, naar het schip toe gereden."

Swiere put

It is letterlik en figuerlik in swiere put. De mêsten binne tegearre 23 meter heech en dêr moat 244 kante meter seil oan komme te hingjen. "Als dat wind vangt, wil de mast gaan hellen. Om dat tegen te gaan, hebben we 15.000 kilo ballast in het schip gelegd. We zijn momenteel nog 5.000 kilo aan het bijladen."
It giet om 5.000 kilo lead, dy't liend wurdt fan Museum Kaap Skil op Teksel en ôfkomstich is fan in âld skipswrak. "Op die loodbroodjes staat een stempel met het jaartal 1746. Dat lood krijgt dus een tweede leven in ons schip." De mêst en de stikken lead fan 80 kilo wurde troch in kraan op it skip tild. "Maar we moeten ze wel met de hand op hun plek leggen."

Yn Willem Barentsz syn fuotspoaren

Mei it pleatsen fan de mêst is it skip lykwols noch lang net klear. "Dan hebben we nog 4,8 kilometer tuigage die we erop moeten zetten, bovenop de mast komt nog een steng met de raas, dan moet het lijkentouw nog worden genaaid." Genôch te dwaan noch dus.
As it skip klear is, wol de organisaasje deselde rûte ôflizze as Willem Barentsz sels: Noarwegen, Spitsbergen, Nova Zembla en miskien wol Barentsz syn reis nei Sina hielendal ôfmeitsje.
Minsken dy't sjen wolle hoe't it pleatsen fan de mêsten yn syn gong giet, binne sneon wolkom by de kearmuorre yn Harns.