Manlju stekke bannen lek yn Sint-Nyk; dieders spoarleas

24 aug 2019 - 13:18

Twa ûnbekende manlju hawwe yn de nacht fan freed op sneon de bannen fan trettjin fytsen en brommers lek stutsen. Dat diene se by it gebou fan jongereinsosiëteit De Wissel yn Sint-Nyk.

Foto: Facebook 'Wy binne St.Nyksters'

De manlju waarden oansprutsen op harren die troch omstanners, mar se pykten út. Se rûnen yn 'e rjochting fan Oer it Spoar.

Trefwurden: 
Sint-Nyk bannen lekstutsen
(advertinsje)
(advertinsje)