Iepenloftspul Jorwert: 'Stjer yn it Tsjuster'

24 aug 2019 - 11:17

It iepenloftspul fan Jorwert spilet dit jier 'Stjer yn it Tsjuster', in melodramatyske musical basearre op de film 'Dancer in the Dark' (2000) fan de Deenske regisseur Lars von Trier. "Yn ekonomysk goede tiden hawwe wy ferlet fan ferhalen mei in swart rantsje", seit regisseur Tjerk Kooistra fan iepenloftspul Jorwert.

Troch: Froukje Sijtsma (ferslach) en Dirk Hofstede (kamera)

"It ferhaal giet oer de nei Amearika emigrearre Micha. Sy is hast blyn en wurket yn it fabryk om jild te fertsjinjen foar in eachoperaasje foar har soan (spile troch Hedzer Seffinga), dy't deselde genetyske eachsykte hat as har. Sy wol net dat hy like min sjen sil as har," fertelt Kooistra. Mar it needlot slacht ta. De befreone húsbaas fan Micha stelt har jild, om't er sels net genôch sinten hat om yn de behoeften fan syn frou te foarsjen.

Om't se wit dat hy de iennichste is dy't fan har jild ôfwit, wol se ferhaal helje by har húsbaas. Mar dat rint folslein út de hân: as hy har bedriget mei syn tsjinstpistoal en sy yn in wrakseling bedarje, sjit sy him del en wurdt se oppakt.

It stik is basearre op de film 'Dancer in the Dark' fan de Deenske regisseur Lars von Trier. Yn dizze melodramatyske musicalfilm út 2000 spilet de Yslânske sjongeres Björk de haadrol, wêryn't drama en musical inoar ôfwikselje.

Micha yn it fabryk oan it wurk - Foto: Omrop Fryslân

Nije werklikheid

Sjongeres en aktrise Anke Boersma waard frege om de rol fan Micha te fertolken. "Micha sjocht miskien noch mar fiif prosint. De minsken en masines om har hinne, binne foar har skimmen," leit Boersma út. Dochs lit Micha har net út it fjild slaan. Se hat leave minsken om har hinne, dy't har faak de hân boppe de holle hâlde, lykas har manager (spile troch Jorrit Laverman), dy't wol sjocht dat se it wurk eins net mear dwaan kin.

"Troch nei de lûden yn it fabryk te harkjen en ritmes yn myn holle te meitsjen, kin ik ûntsnappe oan de realiteit en my efkes wane yn in moaiere wrâld, dêr't de lûden echt muzyk wurde en ik mysels efkes haadrolspiler fan in musical fiel."

De lûden fan it fabryk binne foar my de muzyk. En ik bin de haadrolspylster fan in musical.

Anke Boersma, spilet haadrol fan 'Micha'
Micha as musicalstjer - Foto: Omrop Fryslân

Ik bin in stjer yn it tsjuster
It wyt is ferflein
Of dochs noch net?
Wûnders komm' faak oan de ein

út: Stjer yn it Tsjuster

'Raamvertelling'

"It is altyd sa dat asto fan in film toaniel meitsje wolst, datst in hiele teätrale slach meitsje moast. Yn in film kinst hiel gau snije en fan sêne nei sêne gean. Dus je moatte dan kieze hoe't je op de planken it ferhaal fertelle wolle. Wy hawwe dêrom foar in 'raamvertelling' keazen. De foarstelling begjint op it momint dat Micha oppakt wurdt foar in misdie. By it ferhoar wurdt se ûnderfrege en sa krijt it publyk it ferhaal te sjen en dêrmei gean wy werom yn de tiid. Mei flashbacks boartsje wy mei de tiid."

Tiid foar drama

Yn 2019 binne der fyftjin iepenloftspullen dy't meidogge oan de Iepenloftspullen fan de Gouden Gurbe, de Oscars fan de iepenloftspullen. Opfallend is dat ferskate iepenloftspullen dit jier it drama net út de wei gean. It iepenloftspul 'Fan mûzen en mannen' einiget net goed. It giet oer twa maten, fan wa't de ien eintsjebeslút de oare fermoardet. Yn It Kollumer Oproer koe it publyk dit jier genietsje fan machtsmisbrûk, ûnderdrukking en #MeToo.

Ek yn 'Stjer yn it Tsjuster' bart der fan alles. De kar foar in swart stik past goed yn dizze tiid, is Kooistra fan oertsjûge. "Soest it sa sjen kinne: as it goed mei ús giet en wy allegear wer fersûpe yn wielde, dan hawwe wy ferlet fan drama. En krekt oarsom is dat ek sa: as it min mei ús giet, lykas mei de krisis fan tsien jier lyn, dan ha je ferlet om te laitsjen en dan sjogge je mear humor op de planken. Mar no is it yndie sa dat der folle mear tragyske stikken opfierd wurde."

Dirigent Jorrit Laverman (rjochts) hat byrol as dirigent - Foto: Omrop Fryslân

Oade oan Björk

De muzyk fan 'Stjer yn it Tsjuster' is skreaun troch muzikaal lieder Jorrit Laverman en wurdt live op lokaasje meispile troch in orkest. "De film 'Dancer in the Dark' is fantastysk en de muzyk ek, mar ik ha my der fierder hielendal los fan litten. Ik ha de film ien kear sjoen en doe woe ik him ek net wer sjen, want dan litte je je tefolle beynfloedzje troch de muzyk. Ik woe net dat it dêr op lykje soe. It iepenloftspul is oanpast en ik woe de muzyk dêr op oanslute litte. Ik bin wol in leafhawwer fan Björk, har muzyk is fantastysk, dus as oade oan har sitte der wol ferwizings yn, mar dan allinnich mei lûdsjes en gebrûk."

Björk is fantastysk, mar ik woe my net tefolle beynfloedzje litte troch har muzyk.

Jorrit Laverman, muzikaal lieder

De jongste spiler dit jier is Hedzer Seffinga

Yn wêzen draait alles wat Micha docht om har soan, al hat hy sels net in hiel prominint plak op de planken. Dochs fynt Hedzer it geweldich om mei te dwaan oan it iepenloftspul. "Myn mem docht eins alles foar my, mar yn it stik sels bin ik wat in boefke." Hedzer spile twa kear mei yn it BerneIepenloftspul yn Easterwierrum. "Doe waard ik frege oft ik ek meispylje woe yn Jorwert. Ik ha mei Anke spile en sa bin ik hjir kaam. Ik ha no krekt it earste jier dien fan Meeuw Theatermakers en ik sjoch wol wat der mear op myn paad komt."

Noch efkes oer dy Björk...

It ferhaal giet dat Björk it net goed fine koe mei Lars von Trier. Bytiden fochten se inoar de tinte út op de set of rûn Björk gewoan fuort. It skynt sels sa te wêzen dat Björk de film nea sjoen hat en ek swarde dat se nea wer yn in film spylje woe. Al hat se har oan dat lêste net oan hâlden.

Moat in kultuersjoernalist op de hichte wêze fan de Fryske showbizz? Om de fraach hoe't de relaasje tusken dizze haadrolspylster en regisseur ferrint, wurdt earst wat gniffele. "Ik ha Anke trije jier lyn frege foar in projekt", fertelt Kooistra. "En wy hawwe dêrnei ek in relaasje krigen, dus wy meitsje it net sa mâl as Björk en Lars."

"Ik bin ek gjin Björk, tink ik", laket Boersma. "Ik fyn dizze rol wol hiel moai om te spyljen, mei al dy dissosjaasjes en it is wol echt in syktocht. "Lars von Trier funksjonearret goed mei de konfliktteory", leit Kooistra út. "Waar wrijving is, is glans, mar persoanlik leau ik dêr net sa yn."

Hoe is it eins mei de stjer fan... 'juster' Doete Stenekes?

En no't we dochs yn it leaf en leed fan de Fryske stjerren sitte. Hoe is it eins mei de bekende Jorwert-aktrise Doete Stenekes? Foarich jier kaam Jorwert mei it stik 'Famylje Bellier' op de planken. In stik oer Famke, dy't opgroeit mei in dôve heit, mem en broer. 'Famylje Bellier' helle hast alle prizen binnen dy't der te winnen foelen. It bêste iepenloftspul, de publykspriis, in nominaasje foar de bêste byrol en in Gouden Gurbe foar de bêste haadrol foar aktrise Doete Stenekes, dy't de rol fan Famke Bellier fertolke.

Dit jier stiet se lykwols net yn de spotlight, al is se regelmjittich te finen yn de Notaristún. "Ik bin dit jier mem wurden fan dit moaie famke, Twirre." Stenekes knikt grutsk nei de bernewein. "Ik fyn it wol hiel spitich dat ik foar it earst yn tsien jier net meidoch oan Jorwert, mar dat falt net te kombinearjen mei myn memmerol. Dit jier help ik efter de skermen mei oan de PR en wa wit yn de takomst dan wol wer."

Stelt Jorrit Laverman dit jier wer de sjo?

In oare bekende fan Jorwert is muzikaal lieder Jorrit Laverman (broer fan sjongeres Nynke Laverman), dy't foarich jier nominearre waard foar de bêste byrol. Yn 'Famylje Bellier' fersoarge hy net allinnich de muzikale begelieding, mar spile hy dy rol yntusken ek. Mei in soad hilariteit wie de konklúzje.

"Yn it stik fan dit jier ha ik wer in byrol, mar net sa komysk as foarich jier tink ik. Dat wie in ferknipt persoan fansels." Laverman spilet dit jier sawol manager fan it fabryk dêr't Micha wurket as dirigint fan de musicalgroep dêr't sy by sjongt. "Omdat ik dit jier ek de muzyk skreaun ha foar it iepenloftspul, bin ik bliid mei eltse sin dy't foar myn rollen skrast wurdt, want ik ha it drok genôch mei de muzyk."

Spyldata

  • Sneon 31 augustus, premjêre (al útferkocht)
  • Tiisdei 3 septimber (al útferkocht)
  • Freed 6 septimber (al útferkocht)
  • Sneon 7 septimber (al útferkocht)
  • Tiisdei 10 septimber (al útferkocht)
  • Tongersdei 12 septimber (al útferkocht)
  • Freed 13 septimber
  • Sneon 14 septimber (al útferkocht)
  • Tongersdei 19 septimber
  • Freed 20 septimber (al útferkocht)
  • Sneon 21 septimber (al útferkocht)
  • Tongersdei 26 septimber
  • Freed 27 septimber
  • Sneon 28 septimber

De measte foarstellings fan 'Stjer yn it Tsjuster' binne ûnderwylst al útferkocht. Op de webside fan Iepenloftspul Jorwert kinne jo sjen foar hokker data der noch kaarten beskikber binne. Alle foarstellings (útsein de premjêre) begjinne om 20.00 oere.

Alles witte oer de iepenloftspullen yn Fryslân? Sjoch dan op de spesjale iepenloftspulside fan Omrop Fryslân. Hjir fynst filmkes, artikels en fansels praktyske ynformaasje oer de moaiste iepenloftspullen fan 2019.

(advertinsje)
(advertinsje)