Fokdei lûkt hynstefanaten út it hiele lân

Foar de 68ste kear wurdt sneon yn Blauhûs en Sint-Nyk de fokdei fan fokferiening It Fryske Hynder hâlden. Foar in soad fokkers is de dei in prestiizjestriid. Mear as 300 fôlen, inters, twinters en merjes sille sneon kard wurde.
© Fokferiening It Fryske Hynder
Der stiet dit wykein in hjitteweach foar de doar. Dêr binne de fokkers lykwols goed op tarist. "We hawwe ekstra wetterpunten regele. Ek hawwe we ekstra feedokters regele, dy't by de trailers del rinne om de boel goed yn 'e gaten te hâlden", seit Roelof Bos fan It Fryske Hynder. "As it echt te gek wurdt, koartsje we it programma yn."

Kampioenskeuring

De dei stiet folslein yn it ramt fan de hynders. De keuringen sette om 8.30 oere moarns al útein en rinne troch oant it begjin fan de middei. Om 13.00 oere sille de kampioenskeuringen plakfine. "De bêsten fan de hiele dei komme dêr werom en dêr moat úteinlik in deikampioen útkomme." Fan 15.00 oant 17.00 oere krijt it publyk in sjoprogramma te sjen mei túch- en sadelrubriken. "Dêrnei slute we ôf mei wat geselligens en muzyk."

Stjerpredikaat

Guon hynders sille in saneamd stjerpredikaat krije. "Dat jout de kwaliteit fan it hynder oan. Dêrmei wurdt alles by del gien; it fuottewurk, hoe't se rinne, hoe't se boud binne. Dêr krije je punten foar. Je moatte safolle mooglik punten hawwe om in stjer te krijen. Mei in stjer hawwe je in boppegemiddeld hynder."
Roelof Bos, foarsitter fan de fokferiening
It is in swiere keuring, mar dochs is dy foar fokkers in prestiizjesaak. Dat hat dermei te krijen dat it ien fan de grutste keuringen is. "We hawwe de measte hynders. In soad minsken sykje Blauhús op foar de bêste hynders. Se witte dat dêr skerp kard wurdt." It stjerpredikaat soarget derfoar dat in hynder mear wurdich wurdt.
Fokdei lûkt hynstefanaten út it hiele lân