Kollum: "Kijk, daar zijn de bootjes!"

24 aug 2019 - 09:37

"It wie op de dyk by de Lemster baai. De lêste dei fan it IFKS skûtsjesilen. Moai waar, ik wie op myn scooter dochs mar even dy kant útgien. Trije wiken skûtsjesilen markearret dochs in bytsje de ein fan de simmer en dat is yn myn gefal hielendal gjin straf.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

It wie goed healwei trijen doe't de Grutte A-klasse losgie, ik siet der al in skoftsje. De Lytse A-klasse wie dwaande mei finishen. Earlik sein binne de reaksjes fan minsken op de wâl faaks sa prachtich dat je der in komeedzjeshow oer skriuwe kinne. Sa no en dan klonk der in knal oer it wetter as der wer in skûtsje oer de streek kaam.

In steltsje, dúdlik toeristen, rûn oer de dyk. Nei ien skot sei de dame: 'O, nu worden ze zeker afgescho...' Wylst se it sei hâlde se op mei praten, omdat se it wurd blykber net passend fûn. 'Ofsjitten,' mompele de man dy't neist my siet. Op sa'n momint kin myn dei al net mear stikken, mar it soe noch moaier wurde.

Dy skûtsjesilerij is sa stadichoan fansels folle mear as dy trije wiken. It iis is by wize fan sprekken amper út de sleatten of de earsten begjinne al te oefenjen. Serieuze trainingen en al wat dêr by komt. Djoere nije tugen en de measte skippen sjogge der prachtich út. As it dan safier is en de SKS en IFKS fersile harren jierlikse striid, is der al in wrâld oan tiid yn dy skippen en bemannings stutsen. Fan folkloare kinne je by de toppers eins net mear prate, it liket mear op sport op in behoarlik nivo. Adviseurs út de skerpe jachten sitte njonken de skippers en sizze hokker kant it út moat. It giet der eins best profesjoneel om en ta.

As aardich fanatyk skûtsjefolger witte je wol in bytsje wat sa'n ploech derfoar dwaan moat om op it poadium te kommen. As je dan op de dyk by de Lemster baai sitte, is it best aardich om te hearren hoe't oaren tsjin de silerij oansjogge.

De Grutte A wie in minút as fiif los, de skippen wiene op wei nei de earste boppeste tonne. Jim as Omrop-harkers en -sjoggers witte wol hoe spannend dat wêze kin. Ik hie de kiker by my en besocht út te finen wa't der it bêste foarlei, doe't der in húshâlding by de dyk op kaam. Heit, in jier as 35 en sa keal as in biljertbal, mem yn in simmerjurk wraksele mei in buggy tsjin it talúd op, in jonkje deryn. Heit rûn hân yn hân mei in famke fan in jier as seis, skat ik.

Wylst ik wer troch myn kiker nei de tonne en de skûtsjes loerde, hearde ik de konversaasje. 'Kijk, daar zijn de bootjes', sei mem. Dy fiif wurden wie genôch om te hearren dat se út België kamen. 'Zijn we toch nog net op tijd', sei heit. Mem tsjoene wat snobberij út in tas en se liken harren op de dyk te ynstallearjen om de finale fan de silerij te besjen.

Ik tink dat it trije minuten duorre, de skûtsjes wiene krekt om de earste boppeste tonne. Doe spruts mem de folgjende legindaryske wurden: 'Zo, hebben we dat ook gezien. Mooie bootjes, vinden jullie niet?'. Heit en de bern reagearren net. Mem die de buggy fan de remme en se rûnen yn de rjochting fan it doarp. Mei de rêch nei de skûtsjes. Ik bleau achter en seach even nei de man neist my. 'Bootjes?' sei er freegjend. Ik knikte. Hy helle de skouders op en ferpleatste doe syn oandacht wer nei de Lemster baai."

(advertinsje)
(advertinsje)