Flinke reekskea by wenningbrân yn Ljouwert

In brân yn in wenning oan de Boksdoornstrjitte yn Ljouwert hat yn de nacht fan freed op sneon in soad skea feroarsake. De bewenner fan it hûs wie op it momint fan de brân net thús.
© Anton Kappers
De helptsjinsten rieden manmachtich út foar de brân, dy't krekt nei middernacht ûntstie yn in portykflat. Twa brânwachtweinen, ferskate plysje-ienheden en in ambulânse kamen op de needsituaasje ôf.
Der kaam in soad reek frij, wêrtroch't ferskate wenten yn de omjouwing ûntromme waarden. Doe't de brân útbruts, wie der gjinien oanwêzich yn de wenning. Hoe't it fjoer ûntstean koe, is noch net bekend. It pân is ûnbewenber ferklearre.

Agressive bewenner

In bewenner fan ien fan de huzen is oanhâlden. Neffens omstanners woe de man syn hûs yn om syn hûn te rêden en waard er agressyf doe't er tsjinhâlden waard.