Drankrider klapt op beam yn Boelensloane en wurdt oanhâlden

In bestjoerder fan in bestelbus is freedtejûn tsjin in beam riden op de Michielsreed yn Boelensloane. De sjauffeur hie nei alle gedachten te djip yn it gleske sjoen.
© De Vries Media
Der kamen fjouwer plysje-ienheden op it ûngelok ôf. Der rekke gjinien ferwûne, mar de bestjoerder waard wol oanhâlden troch de plysje, omdat er mei drank op ried. De bestelbus rekke slim skansearre, troch de fûle klap bruts sels in tsjil ôf.