Judoka Tsjakadoea oer kânsen op WK: "Een medaille kan"

24 aug 2019 - 07:31

Judoka Tornike Tsjakadoea fan Ljouwert is sneon ôfreizge nei Tokio om him dêr ta te rieden op it WK, it wichtichste toernoai fan dit jier."Ik ben in vorm. Ik ben fit. En heb er zin in", seit er oer syn dielname snein oan it wrâldkampioenskip judo yn Japan. "Een vijfde plaats, daar ga ik voor."

Foto: www.orange-pictures.nl

Hy sil stride yn ien fan de moaiste arena's fan de wrâld: de Budokan. Yn dy hal waard Anton Gesink yn 1964 Olympysk kampioen. "En The Beatles hielden hun eerste concert in Japan hier. Het is wel echt historische grond. Te gek om daar te judoën."

Tsjakadoea wie twa kear earder yn Japan, om te trainen yn it judo-gekke lân. "En een Grand Slam in Osaka, maar dat is een hele andere stad." No giet hy nei it toernoai yn Tokio, dêr't ek nochris de beste judoka's fan de wrâld oanwêzich binne. "En hier zijn straks ook de Spelen. Om daar te judoën is wel echt gaaf."

Tsjakadoea - Foto: ANP

Tsjakadoea is no de nûmer tolve fan de wrâld. "Maar wat ik kan halen? Wanneer ik nu tevreden ben? Een vijfde plaats. Dat is realistisch." Yn de lichtste klasse, de klasse oant 60 kilo, is de Rus Robert Mshvidobadze de nûmer ien fan de wrâld, mar neffens Tsjakadoea stekke twa Japanners der mei kop en skouders boppe-út: Naoshima Takato en Ryuju Nagayama. "Die zijn wel echt goed. Een vijfde plaats is mooi, maar je bent wel afhankelijk van een goede loting. Deze twee tref je liever niet zo vroeg in het toernooi."

Al hast wis fan Olympyske Spelen

Op de Olympyske list stiet Tsjakadoea sânde. Foar it pleatsen foar de Spelen, ek yn Tokio, moat hy by de earste achttjin stean. De kansen op de Spelen binne dus hiel grut. "Dat geeft wel rust. Het halen van de Spelen is toch een doel, een droom. Ik ben ook veel met die ranking bezig. Kijken hoeveelste ik sta en hoeveel punten ik nog moet halen."

Wêr't dy oare Fries Sanne Vermeer noch yn fûle striid is mei Juul Fransen, hat Tsjakadoea eins gjin Nederlânske konkurrinsje. Roy Koffijberg stiet 49e. Yn prinsipe hellet Koffijberg dat nea wer yn.

Tornike Tsjakadoea komt fuort de earste dei, snein, yn aksje. Tsjakadoea hat Geörgyske âlders, is berne yn Ljouwert en opgroeid yn Drachten. Hy siet dêr by Judoskoalle Marco Oord en letter judowe hy by Edwin Steringa op It Hearrenfean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)