Henk de Jong krige read, mar is net benaud foar skorsing: "It komt wol goed"

23 aug 2019 - 23:32

Cambuurtrainer Henk de Jong is grutsk op syn ploech nei it 1-0-ferlies by koprinner NAC Breda. "It giet derom hoe't we fuotbalje en dêrfan ha ik genoaten", seit er. De Jong sels krige read nei kommentaar by in ôfkarde goal fan syn ploech. "Ik seach it oars, mar miskien siet ik ferkeard."

De trainer is net benaud dat syn reade kaart him in skorsing opsmyt. "Ik ha nei de wedstriid even mei de skiedsrjochter en grinsrjochters sitten en we ha gjin rûzje. We sille it allegear besjen en dan komt it wol goed. Dit wurdt gjin skorsing."

Kompliminten foar de ploech

"Mar it giet net om myn kaart, dat is net belangryk", seit er. "In grut komplimint foar ús sintrum. Hoe't it middenfjild beweecht, de rêst dy't dêr is, dat we goed fuotbalje en ta kânsen komme. We ha der de hiele wike mei dwaande west. Dat we dat hjir by NAC op it fjild bringe kinne, dêr bin ik hiel grutsk op."

Dochs ferliest syn ploech. "We moat ússels beleanje. We ha hiel goed spile. In hiel protte kânsen hân, mar dan moatte se binnen en dat is wat jûn misgong." De Jong sjocht syn ploech mei de wike better wurden: "We binne mei dingen dwaande dy't ta oare dingen liede moatte. Dan sjoch ik jûn hiel grutte stappen."

Hij floot voor een overtreding van Mac-Intosch, maar dat gebeurde acht meter bij mij vandaan. Dat is dramatisch.

Robert Mühren oer syn twadde ôfkarde goal

Cambuurspits Robert Mühren skoarde trije kear, mar al syn goals waarden ôfkard troch skiedsrjochter Kevin Blom en syn assistinten. "Best wel lachwekkend dit", reagearre Mühren. "Ik hoor net dat er twee van de drie buitenspel waren, dus dan heb ik er toch eentje gemaakt." Hy doelt op syn twadde goal. "Hij floot voor een overtreding van Mac-Intosch, maar dat gebeurde acht meter bij mij vandaan. Dat is dramatisch."

Uteinlik ferlearen de Ljouwerters dus troch in goal fan NAC dy't wol telde. Ivan Ilic kopte raak út in rap nommen frije traap. "Dat is onze eigen schuld", fynt Mühren. "Zij nemen die corner kort en wij reageren niet adequaat. Dan vliegt-ie erin."

Al mei al fynt Mühren wol dat Cambuur wer goed spile. "Dit is gewoon onverdiend, dat we ook niet één punt pakken. Het is belangrijk dat iedereen ziet dat we goed voetballen. Daar kunnen we iets mee naar aankomende wedstrijden."

Sa trochgean

Oanfierder Erik Schouten fynt ek dat de ploech goed fuotballe hat. "Als we op deze manier verder voetballen, dan denk ik dat we veel punten gaan pakken. We hadden de wedstrijd onder controle, hier uit bij NAC. Dat is hartstikke positief. Alleen we scoren drie keer en verliezen met 1-0. Dat zijn de feiten."

As de ôfkarde goals terjochte ôfkard binne as net wit Schouten lykwols net. "De eerste kon ik niet goed zien. De tweede vond ik heel makkelijk gegeven en tsja, die derde, daar was de trainer wild over."

Ek de goal fan NAC sil Schouten weromsjen. "Je ziet vaak in een wedstrijd dat als je de overhand hebt, maar niet scoort, dat de tegenstander dat dan wel doet. Ik denk dat vandaag daar een goed voorbeeld van was. Maar we willen winnen en waren graag met drie punten naar huis gegaan. Misschien moeten we nog meer kansen creëren en zes keer scoren om te winnen."

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal NAC Breda
(Advertinsje)
(Advertinsje)