Auto mei seis ynsitters by Ingwierrum fan de dyk yn de sleat

23 aug 2019 - 22:21

In auto mei seis ynsitters, ûnder wa in lyts berntsje, is tusken Ingwierrum en Eanjum fan de dyk rekke en yn in sleat bedarre. Gjinien fan harren rekke slim ferwûne.

Foto: De Vries Media

De bestjoerder kaam mei de auto yn de berm en nei in korreksje bedarren se yn de sleat. Alle seis koene sels út de auto komme, troch it autorút en de kofferbak. Ambulânsepersoniel hat se kontrolearre, mar gjinien hoegde mei nei it sikehûs.

(Advertinsje)
(Advertinsje)