Bussebouwer VDL lit goede sifers sjen troch elektrysk iepenbier ferfier

De omset fan de VDL Groep is yn it earste healjier fan 2019 wat weromrûn yn fergelyk mei deselde perioade ferline jier. Dit komt benammen trochdat VDL minder auto's bout as ferline jier. De bussetak fan it bedriuw, dy op It Hearrenfean sit, hat in ferheging fan de omset sjoen.
© ANP
De omset fan de bussedifyzje is mei goed 20 prosint omheechgien, fan 256 miljoen euro nei 308 miljoen euro. Dat komt ûnder oare troch mear opdrachten yn de oarderportefúlje. Der sit bygelyks in soad wurk yn de transysje nei elektrysk busferfier. Yn Nederlân ride al sa'n 300 elektryske VDL-bussen.
Troch de gruttere omset is de ferwachting dat VDL Bus & Coach dit jier swarte sifers skriuwe sil.