Cambuur kin goed meikomme tsjin koprinner NAC, mar ferliest wol

Sportklup Cambuur hat op besite by koprinner NAC Breda mei 1-0 ferlern. De Ljouwerters koene goed meikomme, seagen sels trije goals fan Mühren ôfkard wurden, mar giene dus wol ûnderút. Ivan Ilic makke nei trijekwart wedstriid de iennige goal.
Mounir el Allouchi yn 'e mangel by Mees Hoedemakers en Giovanni Korte © www.orange-pictures.nl
Hiel grutte kânsen wiene der net yn de begjinfaze. De thúsklup hie wat mear balbesit, ek wol driging, mar doelman Sonny Stevens fan Cambuur hoegde net serieus yn aksje te kommen.
Nick Olij, de doelman fan NAC, moast dat nei goed tweintich minuten wol. Calvin Mac-Intosch stuts spits Robert Mühren, ferline jier noch mislearre by NAC, knap fuort. Dy besocht Olij te passearjen mei in wipperke, mar de keeper kaam as winner út de striid.
Ynterview1 NACCAM
De druk fan NAC hold dêrnei oan, mar dochs wist Cambuur as earste te skoaren. It doelpunt fan Mühren nei goed wurk fan Kallon waard lykwols ôfkard, want de spits stie bûtenspul.

Wer goal Mühren ôfkard

Mühren skoarde nei goed tsien minuten yn de twadde helte op 'e nij, mar it doelpunt telde wer net. Skiedsrjochter Kevin Blom seach in oertrêding fan in oare Cambuurspiler, flak foar't Mühren de bal yn it net wurke.
NACCAM schouten
It earste doelpunt dat NAC skoarde, telde wol. Nei in rap nommen koarte hoekskop sette Jethro Mashart foar en Ivan Ilic kopte raak by de earste peal.

Tredde goal ôfkard

Henk de Jong brocht spits Delano Ladan yn foar Giovanni Korte. In minút letter krige Ladan de bal foar de fuotten en úteinlik skoarde Mühren, mar foar de tredde kear karde Blom in goal fan de Cambuurspits ôf: wer bûtenspul.
Dat smiet protest op fan De Jong: dy joech kommentaar op de lieding en krige in reade kaart fan Blom.
Ynterview Henk de Jong NACCAM
Yn it lêste kertier sette Cambuur wol wat druk, mar echte kânsen krigen de Ljouwerters kwealik. NAC-doelman Olij hie gjin swierrichheden mei in kopbal fan Erik Schouten en ek net mei in frije traap fan Mitchel Paulissen.

Cambuur no tolfde

De Ljouwerters bliuwe no op trije punten stean út trije wedstriden. Dêrmei steane se op it tolfde plak. Takom wike komt Den Bosch nei Ljouwert ta, dy ha twa punten.
NAC Breda - SC Cambuur 0-1 (0-0) 67. Ivan Ilic 0-1
Opstelling SC Cambuur: Stevens; Van Deelen (85/Akoy), Mac-Intosch, Schouten, Sambissa; Jacobs, Hoedemakers, Maulun (46/Paulissen); Kallon, Mühren, Korte (68/Ladan)