Lifeguards KNRM wer slachtoffer fan fandalisme, no op Flylân

23 aug 2019 - 21:55

De lifeguards fan de KNRM op Flylân binne op 'e nij it slachtoffer fan fandalisme. Yn de nacht fan tongersdei op freed binne dizze simmer foar de fjirde kear fernielings oanbrocht oan de lifeguardpost op it eilân.

Foto: KNRM

"Fernielings oan it materieel fan ús helpferlieners binne net goed te praten", skriuwt de KNRM op harren webside.

Ferline wike sneon waard de auto fan de KNRM op It Amelân fernield. De KNRM hat fan alle ynsidinten oanjefte dien.

(Advertinsje)
(Advertinsje)