Nij frouljusteam Hearrenfean set kompetysje útein mei ferlies

23 aug 2019 - 21:21

It frouljusteam fan SC Hearrenfean is it nije seizoen begûn mei thúsferlies. PSV wie op sportpark Skoatterwâld mei 4-1 te sterk

Foto: www.orange-pictures.nl

De earste kâns wie foar PSV (bal op 'e latte), mar Hearrenfean iepene de skoare. Mei in frije traap soarge Melanie Bross al binnen it kertier foar de 1-0.

Lang koe de ploech fan Roeland ten Berge net fan de foarsprong genietsje, want twa minuten letter makke Jeslynn Kuijpers de lykmakker. Joëlle Smits makke der even letter sels 1-2 fan.

Nei it skoft skoarde allinnich PSV noch twa kear. Sara Yüceil makke der 1-3 fan en Smits bepaalde de einstân op 1-4.

Nije ploech

Hearrenfean hat in seleksje dy't der hiel oars útsjocht ferlike mei in seizoen lyn. De ploech hat njoggen nije spylsters: Charetha Okken, Roos van der Veen, Melanie Gerrits, Danique van Ginkel, Celien Guns, Jill Baijings, Shania van Nuland, Zoï van de Ven en Wilienne ter Beek.

Takomst frouljusfuotbal

Earder dit jier like it der noch op dat it frouljusteam fan Hearrenfean ophâlde soe, fanwege te min jild. Dêrop kamen ferskate partijen yn aksje, mei as gefolch dat der toch wer meidien wurdt oan de kompetysje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)