Frouljusfuotbal SC Hearrenfean dit jier fersekere, no de takomst noch

23 aug 2019 - 23:01

It Fryske frouljusfuotbal wie foarich jier op stjerren nei dea. It frouljusteam fan SC Hearrenfean bestie feitlik net iens mear. "Mar dit seizoen is fersekere", seit ynterim-bestjoerder Anne Jochum de Vries.

Foto fan de earste wedstriid fan it nije seizoen - Foto: www.orange-pictures.nl

"Sportyf sjoen ha we it foarich jier net ferkeard dien, mar finansjeel rûn it ferkeard", fertelt De Vries. Hy jout oan dat it ynterim-bestjoer dêr goed nei sjoen hat. "We ha sjoen hoe't we dêr foar de koarte termyn útkomme en hoe't we it foar de langere termyn stevich delsette kinne."

Yntegraasje mei Sportklup Hearrenfean moat op de lange termyn de útkomst biede. "De opdracht dy der foar it nije bestjoer leit, is om op dy wize in finansjele struktuer te kreëarjen dy't de kommende jierren ek robúst bliuwt."

Talinten

Wat Hearrenfean sportyf sjen litte kin, is noch ôfwachtsjen. "Ajax, PSV en Twente stekke der kwa budzjet boppe-út. Wy binne finansjeel net by steat om de topspilers nei ús ta te heljen, mar wy liede hjir talint op. We bringe se hegerop. Jonge spylsters wurde hjir better en fiele harren thús. Seker mei de geweldige staf dy't der op it stuit sit. Sjochst it wol oan de lêste WK-seleksje mei mar leafst fjouwer âld-Hearrenfean-spylsters. Dat is net foar neat."

(Advertinsje)
(Advertinsje)