Italiaan fytst út Ljouwert wei by oare kulturele haadstêden del

23 aug 2019 - 20:52

De Italiaan Nicol Ielpo begjint moandei yn Ljouwert mei in lange fytstocht by in tal oare Europeeske kulturele haadstêden del. Syn fytstocht einiget úteinlik yn de Italiaanske stêd Matera, dy't dit jier, mei it Bulgaarske Plovdiv, kulturele haadstêd fan Europa is.

De man yn it midden is Ielpo - Foto: Europebike

Ielpo wol mei syn fytstocht bekendheid jaan oan de regio Basilicata en de kulturele rykdom fan it gebiet. Matera leit yn Basilicata.

Nei Ljouwert fytst Ielpo ûnder oare troch Amsterdam, Rotterdam, Antwerpen, Lúksemboarch, Bologne en Florence.

Startpunt by de Aldehou

De fytstocht begjint moandei om healwei tsienen by de Aldehou. Dêr krijt er de oanmoedigings fan in delegaasje fan de provinsje Fryslân, de gemeente Ljouwert en Ljouwert-Fryslân 2028. It is de bedoeling dat er op 22 septimber oankomt yn Matera.

(Advertinsje)
(Advertinsje)