Kampanje yn Ljouwert om earmoede better besprekber te meitsjen

De gemeente Ljouwert en it Ljouwerter bedriuwslibben dogge mei oan in kampanje om earmoede yn de stêd better sichtber en besprekber te meitsjen. Elkenien kin fan sneon ôf in donaasje dwaan om famyljes mei jildproblemen te stypjen. In lytse 5.500 húshâldingen yn Ljouwert libje ûnder de earmoedegrins, sa'n 1 op de 6 bern yn Ljouwert groeit op yn earmoede.
It kongres 'Samen tegen Armoede' © Samen tegen Armoede
Neffens de organisaasje, dy't yn hannen is fan de Stichting Leeuwarder Uitdaging, kin earmoede soargje foar sosjale útsluting en iensumens. Jildneed bart faak yn stilte, wylst nimmen derfoar kiest. Faak komt it troch in ûntslach, fallisemint of skieding. Foar de bern fan sokke húshâldings binne nije klean, skoalreiskes, jierdeikadootsjes en fakânsje net fanselssprekkend.

Donaasje dwaan of aksje organisearje

By de kampanje, dy't hiel septimber duorret, wurde bewenners, bedriuwen en ferieningen oproppen om in donaasje te dwaan of in aksje te organisearjen om jild op te heljen. By donaasjes tinkt de kampanje oan in fyts, in jierdeifeest, in dei deropút of in kadobon. De donaasjes en it jild giet nei famyljes yn Ljouwert mei jildproblemen. Maatskiplike organisaasjes as Amaryilles, Humanitas, SchuldHulpmaatje en Amargi wurkje oan de kampanje mei.
Op woansdei 18 septimber is der in kongres yn it Cambuurstadion. Dêr giet it oer jildsoargen op de wurkflier en berne-earmoede. Tagong ta it kongres is fergees.