Marrit Jasper net yn aksje by earste winst follybalsters op EK

23 aug 2019 - 20:08

De Nederlânske follybalfroulju ha de earste wedstriid op it EK ienfâldich wûn. Tsjin Roemenië waard it 3-0. Marrit Jasper, de iennige Friezinne yn de seleksje, kaam net yn aksje.

Foto: www.orange-pictures.nl

De setstannen tsjin Roemenië wiene 25-21, 25-18 en 25-9.

It EK wurdt holden yn fjouwer lannen: Hongarije, Turkije, Poalen en Slowakije. Nederlân spilet syn pûlwedstriden yn de Hongaarske haadstêd Boedapest. Njonken Nederlân en Roemenië sitte ek Azerbeidzjan, Kroäsië, Estlân en Hongarije yn Pûl C.

Trefwurden: 
Marrit Jasper follybal
(Advertinsje)
(Advertinsje)