Nasjonaal hjitteplan foar feetransport fan krêft: ekstra kontrôles

It nasjonaal plan foar feetransport by ekstreme temperatueren is fan sneon ôf fan krêft yn Nederlân. Dat meldt de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA). De maatregel duorret oant en mei tiisdei.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Ynspekteurs fan de NVWA fiere tusken sneon en tiisdei ekstra kontrôles út om te sjen oft feehâlders harren hâlde oan de regels foar bistewolwêzen. Feetransporteurs wurde ek ekstra kontrolearre.

Net ferfiere boppe 35 graden

It plan is opsteld troch it bedriuwslibben en de oerheid. Neffens de ôfspraken mei fee net ferfierd wurde by temperatueren boppe de 35 graden.
Waarman Piet Paulusma ferwachtet dat it de kommende dagen sa'n 28 à 29 graden wurdt.