Frou (87) fan beurs bestellen

07 jul 2012 - 14:05

Yn de Frans van Mierisstrjitte yn Ljouwert is sneon in 87-jierrige frou bestellen fan har beurs. De dupearre frou seach om alve oere hinne in ûnbekende frou by har yn de tún stean. Dy frege nei in persoan, mar de bewenster wist fan neat.

De yndringster krige de bewenster dêrnei safier dat se meigie nei in oare ferdjipping yn it pân, omdat der wat oan de hân wêze soe mei de dûs. Neidat de fertochte wer fuort wie krige de bewenster yn de gaten dat se har beurs kwyt wie.

Nei alle gedachten wie der noch in twadde persoan belutsen by de stellerij en hat dy de beurs meinaam.

Trefwurden: 
beurs stellen
(Advertinsje)
(Advertinsje)