Mear betelbere wenningen moat groei dakleazen tsjingean

23 aug 2019 - 18:34

As it tal betelbere wenten net groeit yn ús provinsje, dan nimt it tal dakleazen allinnich mar ta. Dat sizze ynstânsjes Zienn en it Leger des Heils.

It tal dakleazen yn Nederlân is yn tsien jier tiid mear as ferdûbele. Ut sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek docht bliken dat it tal minsken tusken de 18 en 65 jier dat gjin fêst wenadres of ferbliuwsplak hat, tanaam is fan 17.800 yn 2009 nei 39.300 yn 2018. Yn Fryslân is ek in stiging te sjen, mar dy is wol minder grut as yn de grutte stêden.

Dochs is de ynhâldlike problematyk wol werkenber yn ús provinsje. "In 2015 is er een enorme piek geweest", fertelt Imar van der Ark, haad nachtopfang en algemiene opfang fan Zienn yn Ljouwert. It lânskip fan it wenningoanbod is oars as yn it lanlike oanbod. "We zien wel een verandering, dus het kan wat moeilijker worden", seit Van der Ark.

Soarchmijers

It giet yn Fryslân benammen om soarchmijers dy't dakleas binne. "Dat is de grootste groep, net als mensen die verward of verslaafd zijn", seit Van der Ark. De lytsere groep dakleazen hat in baan. "Dat zijn vaak mensen met een baan en een schuld, of met een schuld bij de woningbouwvereniging."

Annemiek Schuurman fan it Leger des Heils Fryslân sjocht itselde. "De cijfers in Fryslân komen niet helemaal overeen met de landelijke cijfers, maar we zien wel inhoudelijke overeenkomsten", fertelt se.

Foto: Omrop Fryslân

Der moatte gau mear betelbere wenningen bykomme, oars nimt it tal dakleazen ta, sizze de organisaasjes. Dêrnjonken wolle se better gearwurkje en soargje foar in bettere trochstreaming fan de dakleazen nei in plak dêr't se de bêste opfang krije.

Jongeren

Oan de lanlike sifers is te sjen dat it tal jongeren dat dakleas sels fertrijedûbele is. "Daar hebben we in 2015 ook een piek gezien", seit Van der Ark. "Maar eigenlijk is het in Fryslân net andersom, het aantal dakloze jongeren neemt af." Jongeren binne tusken de 18 en 27 jier. "De gemiddelde leeftijd die we hier krijgen, is zo'n 24 jaar."

Imar van der Ark fan opfangorganisaasje Zienn yn Ljouwert

(advertinsje)
(advertinsje)