Konservative Amerikaanske multymiljardêr mei Fryske roots David Koch ferstoarn

23 aug 2019 - 18:26

De Amerikaanske miljardêr David Koch is ferstoarn. De pakesizzer fan Hotze Koch út Warkum wie ien fan de rykste minsken yn Amearika en wie in wichtige jildsjitter foar konservative politike bewegingen. Hy waard 79 jier.

Foto: ANP

Mei syn broer Charles wie David Koch eigener fan Koch Industries, ien fan de grutste ûndernimmingen fan de Feriene Steaten. Se kamen oan jild yn de ierdoalje-yndustry.

Republikeinen en Tea Party

In grut diel fan dat jild stutsen se benammen yn de Republikeinske partij. Se rjochten in ynfloedrike lobbygroep op en stipen de Tea Party-beweging. By de Trump-regearing soene David en Charles Koch neie bannen ha mei vice-presidint Mike Pence en minister Mike Pompeo fan Bûtenlânske Saken.

Pake Hotze Koch emigrearre yn 1888 nei Amearika. Yn Texas kocht er in krante op. Hy wie tsjin it belied fan Franklin D. Roosevelt en tsjin fakbûnen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)