Soarchynstelling De Noorderbrug fynt oernamekandidaat

23 aug 2019 - 18:10

Soarchynstelling De Noorderbrug út Grins wol oernaam wurde troch kollega-ynstelling 's Heeren Loo út Amersfoort. De Noorderbrug hat ûnder oare fêstigingen yn Ljouwert, Drachten en Snits.

Foto: Google Street View

De soarchynstelling joech yn april al oan dat se oernaam wurde woe troch in oare grutte spiler op de soarchmerk. De ynstelling kampte ferline jier nammentlik mei in miljoenetekoart. De finansjele situaasje soe yntusken stabilisearre wêze. De ynstelling tinkt har takomst it bêste garandearje te kinnen troch in oername.

De Noorderbrug behannelet en soarget foar minsken mei harsenletsel en dôve minsken.

Noardlike partner

Neffens RTV Noord wiene der trije kandidaten foar in oername. De Noorderbrug kiest no foar 's Heeren Loo, om't dy ekspertize hat op deselde flakken. Dêrnjonken sit it bedriuw út Amersfoort ek al yn it Noarden. Mei fêstigingen yn Ljouwert, Bedum en Geeuwenbrug.

De Noorderbrug hat yn totaal sa'n 800 meiwurkers, en hat de soarch oer 1.600 kliïnten. 's Heerenloo is in stik grutter, mei 10.000 kliïnten. De oername hat gjin gefolgen foar it personiel, seit ynterimbestjoerder Jeltje Schraverus fan De Noorderbrug. "De volgende partij neemt alle onze medewerkers gewoon over en sterker nog, we hebben ze allemaal heel hard nodig."

Jeltje Schraverus, ynterimbestjoerder by De Noorderbrug

(Advertinsje)
(Advertinsje)