Harnzer slacht man yn gesicht

07 jul 2012 - 14:00
Geweld - Foto: Omrop Fryslân

In 24-jierrige ynwenner út Harns is freedtenacht op it Ruterskertier yn Ljouwert oanholden, omdat er in meiwurker fan in kafee yn it gesicht slein hie.

De fertochte hie him ferfelend gedroegen yn it kafee en wie troch meiwurkers út de kroech setten. Dêrby sloech er ien fan de meiwukers. De Harnzer wie ûnder ynfloed fan in noch ûnbekende stof.

Trefwurden: 
slaan
(Advertinsje)
(Advertinsje)