Daniel Høegh fit, mar net by SC Hearrenfean yn de basis tsjin FC Twente

23 aug 2019 - 17:20

"Ja, ik ben ook wel geschrokken", seit trainer Johnny Jansen fan SC Hearrenfean oer de mei 2-0 ferlerne wedstriid fan ferline wike tsjin FC Emmen. Dizze sneon treffe se FC Twente. "Maar dat het niet goed was en wat er niet goed ging, dat weten de spelers zelf ook wel."

Johnny Jansen

Mar wat gong der net goed tsjin FC Emmen? "We hadden een plan tegen Emmen, maar daar hielden we ons niet aan. We gingen toch van achter uit opbouwen." Jansen wie dêr dúdlik net oer te sprekken. "Je begint met een goed gevoel aan die wedstrijd en Emmen door een minder begin van het seizoen met een slechter gevoel. Maar dat was na vijf minuten al omgedraaid."

Daniel Høegh, dy't in blessuere hie, stiet sneon net yn de basis tsjin FC Twente. Neffens Jansen is hy wol fit, mar moat er earst minuten meitsje foardat er wer folút spylje kin.

Nije spiler

Freed waard in nije spiler presintearre. It giet om de 21-jierrige Anders Dreyer út Denemarken. Dreyer is in rjochterfleugeloanfaller, mar hy kin ek oan de linkerkant of as oanfallende middenfjilder út de fuotten. Hearrenfean hopet dat Dreyer takom sneon yn de thúswedstriid tsjin FC Twente al meidwaan kin.

Anders Dreyer

Fermoedlike opstelling: Hahn; Floranus, Dresevic, Botman, Woudenberg; Faik, Kongolo, Ejuke; Van Bergen, Odgaard en Bruijn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)