Wer lange file op Ofslútdyk troch ûngelok en wurksumheden

23 aug 2019 - 17:02

Troch in ûngelok en de wurksumheden op de Ofslútdyk, stiet der in lange file yn de rjochting fan Fryslân. Foar en foarby Breesândyk stiet it sa'n 8 kilometer stil. De fertraging rint op nei sa'n trije kertier.

Ofslútdyk - Foto: Shutterstock.com

Yn tsjinstelde rjochting, dus nei Noard-Hollân ta, stiet it ek stil. By Koarnwertersân stiet in file.

Tongersdei wie der ek al in ûngelok. Doe waard de Ofslútdyk ôfsletten foar frachtweinen, caravans en campers.

Trefwurden: 
Ofslútdyk file
(Advertinsje)
(Advertinsje)