Fryslân Fêstlein: "Tritich jier lang mei de famylje fuort op in bysûndere boat"

Fan wettereangst yn Boarnsweach oant in persoanlike oerwinning op It Amelân. Dizze simmer hat Omrop Fryslân foar de simmerrige Fryslân Fêstlein de moaiste fakânsjefoto's sammele. Dizze lêste kear binne wy op besite by de famylje Hoeksma, dy't tritich jier mei de boat De Sperwer oer de Fryske wetters fear.
Fryslân Fêstlein diel 18 (lêste): 'Al 60 ier mei de famylje fuort'
"Hjir sjochst in part fan ús famylje", begjint Baukje har ferhaal, wylst sy nei har foto wiist. "Hjir sitte wat bruorren en in tal sussen. Dêrneist sit noch in freondinne fan doe oan in iisko. Wy leine nei alle gedachten oan in eilân, mar wêr't it presys wie, dat doar ik net mear te sizzen."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Baukje sjocht wat om har hinne om te sjen oft ien fan har famyljeleden it wit. "Neffens my earne tusken Grou en Earnewâld", besiket in broer mei te tinken. "It wie in elts gefal yn 1977, dat wit ik wol."
Ik ha leaver dat se derby komme, as dat se fuortgean.
Baukje Pool
"Wy geane al salang mei de famylje fuort", seit Baukje entûsjast. "Wy geane alle jierren mei de hiele famylje fuort. Wy binne yntusken al mei 45, omdat de generaasje fan beppesizzers der ek bykomt fansels", ferfolget Baukje har ferhaal. "Mar ik ha leaver dat se derby komme, as dat se fuortgean", knypeaget se.

De Sperwer

De boat op de foto is fan Geke, de sus fan Baukje. Sy hat 30 jier lang de boat hân. "We hiene it skip De Sperwer kocht fan de famylje Zetzema", begjint Geke har ferhaal. "Begjin jierren 70 ha we dy kocht en it waard foar ús in bysûndere boat", seit sy besiele. "Wy ha altyd mei de famylje op dy boat fuort west en ha der in protte op belibbe."
Baukje en Geke oer harren tiid mei de famylje op de boat

'Kantje boord'

"It moaiste wat ik meimakke ha, wie in ûngelokje", laket Geke, wylst sy har sus oansjocht. "Myn sus en ik sieten in kear op de boat, op de Wide Ie by Grou," hellet sy de oantinkens nei boppe. "It wie in geweldige dei, mei prachtich waar mei folop sinne. Ik lei doe efter op it dek, mei in pear kessens en in boek yn 'e hannen."
Geke ûnderbrekt har ferhaal efkes om har laitsjende sus. "Doe kaam der ynienen in simmertwirre oan. Ik seach him oankommen en rôp fuortendaliks nei myn sus dat se de fok los dwaan moast. Mar myn sus luts him by fersin oan. Doe kaam de wyn derûnder fansels en gie de boat hast om. Lokkich foel it al wat ta, mar myn guod lei wol allegearre yn it wetter," seit Geke. "Dat moasten wy earst út it wetter fiskje."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Fryslân Fêstlein
Seis wiken lang hat Omrop Fryslân ferskate reportaazjes makke oer de moaiste Fryske fakânsjefoto's. Bist nijsgjirrich wurden nei de oare ferhalen? Besjoch hjir alle achttjin foto's werom.