Te hege konsintraasjes kadmium by metaalhannel, maatregels fan provinsje

De provinsje Fryslân kundiget maatregelen oan tsjin metaalhannel De Horne op It Hearrenfean. It bedriuw hâldt him net oan de regels foar de ferwurking en opslach fan materiaal dat ferstowe kin, seit de provinsje. Op it terrein fan ôffalferwurker Omrin, dat njonken De Horne leit, binne te hege konsintraasjes fan it skealike kadmium fûn. Watfoar maatregels de provinsje krekt nimme sil, is net bekend makke.
© Google Street View
De Ljouwerter Krante meldt dat der giftige stofwolken boppe bedriuweterrein Haskerveen op It Hearrenfean west ha. Dat sprekt de provinsje tsjin. De fersprieding fan de stoffen is beheind bleaun ta Omrin en De Horne sels, neffens de provinsje.

Stofdieltsjes waaiden oer

Neffens de krante wurde sûnt 2016 hegere konsintraasjes fan swierdere metalen oantroffen. Yn dat jier die út ûndersyk fan it wetterskip al bliken dat der te folle kadmium yn it ôffalwetter fan Omrin siet. Earst waard tocht dat dat troch Omrin sels kaam, mar omdat it net ophold, waard sjoen nei De Horne. Stofdieltsjes mei swiere metalen soene fan De Horne oerwaaid wêze nei it terrein fan Omrin.
De FUMO hat de saak yn maaie dit jier ûndersykje litten. Dêrút die bliken dat De Horne flaters makke hat by de ôfsûging en de opslach. Dat is yn striid mei de fergunning. In klacht tsjin stofoerlêst wie ek terjochte, seit de provinsje.

Te folle swiere metalen

In oar ûndersyk toande oan dat De Horne ek de noarm fan swiere metalen yn de opsleine ôffalstoffen bûten gien is. De provinsje ûndersiket noch oft dat yn striid is mei de fergunning.
Wetterskip Fryslân en de provinsje Fryslân sjogge ferskillend tsjin de saak oan, neffens de Ljouwerter Krante. Dat sprekt de provinsje tsjin: beide partijen wolle sa gau as mooglik maatregelen.
De oerheden ferwachtsje takom wike mear dúdlikheid ferskaffe te kinnen.
Ferslachjouwer Hayo Bootsma en deputearre Douwe Hoogland