Drachtster ferfolge foar uploaden bleatfoto's fan ûnder oare hânbalfroulju

23 aug 2019 - 15:59

In 40-jierrige man út Drachten wurdt ferfolge foar it pleatsen fan filmbylden út in sauna yn Nederasselt. De man soe de bylden fia in foarum krigen hawwe, wêrnei't er se op in pornosite set hawwe soe.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It is net dúdlik hoe't de bylden op it foarum telâne kaam binne. De eigeners fan de sauna, dy't de geheime kamera delhongen hiene, wurde net ferfolge. Neffens harren hong de kamera yn de beautysalon om dúdlikheid te krijen oer grinskrusend gedrach. It Iepenbier Ministearje mient dat de man en frou gjin skuld hawwe oan it publisearjen fan de bylden. Dêrom wurdt harren saak seponearre.

De saak kaam yn maart oan it ljocht doe't bliken die dat der neakenbylden fan besikers op ynternet set wiene. Under de slachtoffers wiene ek spylsters fan de Nederlânske hânbalploech.

Trefwurden: 
rjochtsaak sauna neaktfoto's
(advertinsje)
(advertinsje)