Bûtenlânske studinten witte ynskriuwbaly gemeente Ljouwert goed te finen op NHL Stenden

23 aug 2019 - 15:39

By in spesjale baly fan de gemeente Ljouwert by hegeskoalle NHL Stenden is der in soad drokte dizze wiken. Boargersaken hat in aparte baly ynrjochte foar it ynskriuwen fan bûtenlânske studinten. Se kinne sa yn ien kear alles regelje.

De gemeente docht dat al in oantal jierren en ek dizze simmerperioade wer trije wike lang. Neffens Karin Kleiterp fan de gemeente Ljouwert kinne se de drokte goed oan. "We hebben hier een afsprakenbord waarop de mensen hun afspraak kunnen inplannen, zodat wij een redelijk overzicht houden hoeveel mensen er op een dag komen. Dus dat gaat prima."

Nei it ynskriuwen krije de studinten harren BSN-nûmer en kinne se ek fuort praktyske saken regelje mei NHL Stenden, sa as in Nederlânsk telefoannûmer. "Het is gewoon veel gemakkelijker om ze hier allemaal op deze locatie te hebben en die extra service wordt de studenten geboden", seit Kleiterp. Neffens har binne der in soad studinten dy't der gebrûk fan meitsje.

Ut de hiele wrâld

De studinten komme út de hiele wrâld nei Ljouwert ta, fertelt Kleiterp. "Er zijn heel veel vanuit Azië hier, Vietnam, Chinese mensen, vanuit Rusland, Duitsland, overal komen ze vandaan." Yn 2017 kaam mear as 20 prosint fan de studinten by NHL Stenden út it bûtenlân wei.

Nije wike is de baly ek jûns iepen, omdat der boppedat studinten fan Van Hall Larenstein en Wetsens ynskreaun wurde moatte. En yn febrewaris is der opnij in perioade dat de baly iepen is, want guon studinten komme hjir foar in heal jier.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Karin Kleiterp fan de gemeente Ljouwert fertelt oer de ynskriuwbaly foar bûtenlânske studinten

(Advertinsje)
(Advertinsje)