Plysje moat pepperspray brûke

07 jul 2012 - 13:54
Pepperspray

De plysje yn Ljouwert moast freedtenacht pepperspray brûke om in 34-jierrige automobilist út Jorwert oan te hâlden. Tsjûgen seagen dat de fertochte tsjin in bulte sân ried by it Saailân yn Ljouwert. Dêrnei waard de man út Jorwert troch de plysje sjoen yn de Skoalstrjitte.

De man fersette him by syn oanhâlding en woe net mei nei it plysjeburo. Dêrop brûkte de plysje pepperspray. De man hie tefolle dronken en moast syn rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
pepperspray
(Advertinsje)
(Advertinsje)