Loads yn Jannum ticht om drugslab

23 aug 2019 - 14:57

Boargemaster Hayo Apotheker hat in loads oan de Jannumerwei yn Jannum sletten, op basis fan de Opiumwet. Yn juny fan dit jier waard der yn it pân in drugslab oantroffen.

Foto: Politie Noardeast-Fryslân

Dat drugslab waard brûkt foar amfetamine. Yn juny waard al in 37-jierrige man út Noardeast-Fryslân oanhâlden.

De sluting duorret seis moannen. It pân is fersegele en der binne posters ophongen, om sa de omjouwing te ynformearjen oer it beslút.

(advertinsje)
(advertinsje)