Famke oanrand op It Amelân

Oanhâlden © Omrop Fryslân
In famke fan 16 jier út de gemeente Dongeradiel is freedtenacht oanrand yn Nes op It Amelân. Nei oanlieding fan in sinjalemint koe in 16-jierrige ynwenner út De Like oanholden wurde. It famke waard by in hoarekagelegenheid oan de Molewei oansprutsen troch de fertochte en wie efkes mei him meirûn. Ynienen pakte de jonge út De Like it famke fêst en ûntstie der in wrakseling tusken beide.
It famke koe fuortkomme en rôp de help yn fan plysjeminsken dy't yn de buert wiene.