Deenske Anders Dreyer nijste oanwinst SC Hearrenfean

23 aug 2019 - 14:12

De 21-jierrige Anders Dreyer spilet dit seizoen foar SC Hearrenfean. De international fan Jong Denemarken wurdt foar ien seizoen hierd fan Brighton & Hove Albion. Dreyer is wiis mei syn oerstap nei Fryslân, fertelt hy op de webside fan de fuotbalklup.

Anders Dreyer

Ek technysk manager Gerry Hamstra is optein oer de komst fan de bûtenspiler. "Met Anders halen we een zeer veelzijdige aanvaller in huis. Hij beschikt over een uitstekende techniek en heeft een neusje voor de goal."

Dreyer is in rjochterfleugeloanfaller, mar hy kin ek oan de linkerkant of as oanfallende middenfjilder út de fuotten. Dreyer komt út de jeugdoplieding fan de Deenske klup Esbjerg. Yn 2017 makke hy syn debút yn it earste alvetal fan Esbjerg. Yn Denemarken makke hy yndruk troch yn 48 offisjele wedstriden 23 doelpunten te meitsjen. Ek hie hy njoggen assists.

Foto: SC Heerenveen

Ferline seizoen makke de international de oerstap nei Brighton, dat útkomt yn de Premier League. Mar by 'The Seagulls' makke hy benammen minuten by de beloften. Yn jannewaris fan dit jier waard hy ferhierd oan de Skotske klup St. Mirren. Yn totaal kaam hy dêr tsien kear yn aksje en skoarde hy ien kear.

Hearrenfean hopet dat Dreyer takom sneon yn de thúswedstriid tsjin FC Twente al meidwaan kin. Hy is de ferfanger fan Nemanja Mihajlovic. Earder hat Hamstra al witten litten dat de Servyske bûtenspiler omsjen mei nei in oare klup.

(Advertinsje)
(Advertinsje)