Freedsmerk oer ôffal skiede: "Ik ha in grutte kontener en alles past deryn!"

23 aug 2019 - 14:10

Hoe berikke je dat minsken thús krekter wurde yn it skieden fan ôffal? Troch it restôffal te weagjen en dêr in maksimum oan te stellen, betochten se op It Hearrenfean. En dat pakte goed út. Der wurdt no better skieden en folle minder yn de grize kontener smiten, docht bliken út de sifers. Wat sizze de minsken op de Ljouwerter freedsmerk deroer?

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Op de freedsmerk wiene in soad minsken opfallend kritysk: "Se ha ús foar de gek. Wat wy apart ynsammelje, smite de ferwurkers gewoan wer byinoar. Jo leauwe my net? No, it is wol sa!"

By de buorman...

Oaren wiene benaud dat de strange regels ta ôffaltoerisme liede. "Of dat se it yn de kontener fan buorman smite!" "Ik sjoch der noait nei, ik goai gewoan alles yn de grize kontener. We betelje der úteinlik genôch foar", wie ek ien fan de opmerkingen.

Grienteboer Boonstra fertelde dat er thús bedriuwsmjittich in folsleine 'miljeustrjitte' hat. "It GFT-ôffal kostet my 70 euro de ton, it restôffal wol it dûbele. Moast ris sjen wat dat skeelt yn 't jier. Dêr kin ik wol fan nei de Bahama's!"

De measten fertelden lykwols thús alles kreas te skieden. Ek sûnder finansjele prikkel, al soe dy miskien wol ekstra helpe kinne: "Myn frou is bot op 'e sinten, dus dan komt it by ús wol goed!"

De Ljouwerter freedsmerk oer it skieden fan ôffal

(advertinsje)
(advertinsje)