Fritsma 7e op PVV-list

Sietse Fritsma
Sietse Fritsma stiet foar de kommende ferkiezings op nûmer sân op de kandidatelist fan de PVV. Dat hat de partij fan Wilders sneon bekendmakke. De âld-Frjentsjerter stiet dêrmei ien plakje leger as by de foarige ferkiezings yn 2010.
Fritsma sit sûnt 2006 yn de Twadde Keamer. Hy hat dat in skoft kombinearre mei it riedslidmaatskip yn Den Haach, mar dêr is er foarich jier mei ophâlden.