KNVB eksperimentearret mei nije teamyndielings yn amateurfuotbal

23 aug 2019 - 13:52

De skoallen sette takom wike wer útein, en dus begjinne alle sportferienings ynkoarten ek wer mei har seizoenen. Alles wer syn gewoane ritme. Mar by in part fan de jeugdfuotballers yn Fryslân sil it dit jier krekt eefkes wat oars gean as oars. Harren teams binne nammentlik troch de KNVB op 'e nij yndield.

Fuotbalfjild - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It nivo fan de teams is hjirby net ynskatten troch de feriening sels, mar troch in kompjûter. De Teamindex. It giet om in pilot, dy't yn earste ynstânsje yn it suden en it noarden fan it lân testen wurde sil.

Teamindex

"De Teamindex is een goede objectieve manier om te bepalen hoe sterk een team is, op basis van uitslagen en wedstrijddata", leit Rick Koetsier fan de KNVB út. De útslaggen fan de ôfrûne fiif seizoenen hawwe de teams en klups sels al yn it systeem setten.

"Voor een vereniging is het af en toe best lastig om te bepalen in welke klasse een team thuishoort. De Teamindex is een hulpmiddel om objectief te zeggen op welk niveau een club speelt."

SciSports

De yndeks is opsetten yn gearwurking mei SciSports, in bedriuw dat in ferlykber model brûkt om de kwaliteit fan proffuotballers wrâldwiid yn kaart te bringen. "We gebruiken hun wedstrijdgegevens. We kijken puur naar welke spelers aanwezig waren, wat was de uitslag en tegen welke spelers speelden ze." Op basis dêrfan witte se hokker spilers winne mei hokker útslach. "Ze krijgen punten als ze winnen en raken punten kwijt als ze verliezen."

Ut ûndersyk docht bliken dat spilers mear wille belibje oan wedstriden fan lykweardich nivo. "We zien dat er veel wedstrijden plaatsvinden met grote doelpuntenverschillen. Dat willen we terugdringen, zodat spelers meer plezier beleven."

Rick Koetsier fan de KNVB

De KNVB hat fuotbalklups holpen by it ynfieren fan alle gegevens. Neffens Koetsier hat 98 persint fan alle teams mear as alve en minder as tweintich spilers ynfierd. Yn fyftjin persint fan de gefallen koe de KNVB sjen dat teams op in ferkeard nivo yndield wiene.

Reisôfstân

Grutte útslachferskillen sille no lykwols net folslein fan de baan wêze, seit Koetsier. "We verwachten wel dat het minder gaat worden." Ek wol it bûn lette op reisôfstân. "We willen teams uit Sneek het niet aandoen om naar Maastricht te moeten rijden. We hebben ook te maken met voorkeuren van clubs."

De pilot is slagge as der gjin grutte útslachferskillen mear binne en as spilers mear wille belibje oan wedstriden. As de proef slagget, wol de KNVB de pilot fuortsette. "In het eerste halfjaar zullen we de eerste resultaten zien en gaan we bepalen of we de pilot verder gaan trekken naar andere leeftijden en andere delen van Nederland."

(Advertinsje)
(Advertinsje)