Utspraak rjochter: Psy-fi moat de muzyk earder útsette

23 aug 2019 - 12:33

Muzykfestival Psy-fi, dat elk jier plakfynt yn de Griene Stjer by Ljouwert, moat dit jier earder ophâlde mei it draaien fan muzyk. Dat hat de rjochter freed bepaald yn de Grinzer rjochtbank. It moat no om 0.00 oere stil wêze yn it natuergebiet.

It festival en Groene Ster Duurzaam stride al langer mei elkoar oer hoe't it festival der útsjen moat. De gemeente hie earder al in fergunning ôfjûn wêrmei't Psy-fi oant 1.00 oere trochgean mocht, mar dêr wie Groene Ster Duurzaam it net mei iens en de organisaasje besleat te prosedearjen.

De rjochter hat de fergunning neist him dellein en sein dat it festival om 0.00 oere de stekker út de lûdsboksen lûke moat.

Ek oare festivals oanpast

It is net it earste festival dat oan bannen lein wurdt. Earder moast Welcome to the Village ek al betider ophâlde mei de muzyk.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
(Advertinsje)
(Advertinsje)