Man út Achtkarspelen belutsen by deadlik ûngelok yn Grinslân

23 aug 2019 - 12:22

In 26-jierrige ynwenner fan Achtkarspelen hat tongersdei belutsen west by in deadlik ûngelok yn Grinslân. In 31-jierrige ynwenner fan Grins kaam dêrby om it libben.

Foto: 112Groningen / Martin Nuver

By it ûngelok op de Noordzeeweg (N370) by Grins wiene meardere auto's belutsen. De ynwenner fan Achtkarspelen bestjoerde in bestelbuske, dêr't it slachtoffer mei in motor achterop riden is. It is net dúdlik hoe't dit barre koe.

De plysje hat nei it ûngelok meardere minsken in boete jûn, om't se opnames makken fan it plak fan it ûngelok.

(Advertinsje)
(Advertinsje)