Winnend partoer Frouljus PC takom jier útinoar

23 aug 2019 - 11:23

It partoer dat ôfrûne woansdei noch de PC foar froulju wûn yn Weidum, is alwer útinoar. Ilse Tuinenga en Sjanet Wijnia sille fan takom seizoen ôf net mear mei Manon Scheepstra keatse.

Foto: Martin de Jong Fotografie

Tuinenga en Wijnia hawwe Margriet Bakker frege om foar yn it perk te stean. Scheepstra sil takom jier mei Nynke Sijbrandij en Marrit Zeinstra keatse.

De formaasje fan Tineke Dijkstra, Sandra Hofstra en Louise Krol bliuwt wol itselde.

Trefwurden: 
keatsen frouljus PC
(Advertinsje)
(Advertinsje)